ticketservice ticketkantoor logo

Tickets bestellen für

Myn Skip voorstelling IJlst

Die Ausgabe von Tickets wurde beendet. Sie können keine Tickets mehr online bestellen.

Myn Skip
Nei in suksesfolle rige fan útferkochte foarstellings yn septimber 2018 fan it iepenloftspektakel oer de skiednis fan it skûtsje, sil 'Myn Skip' no mei dit ferhaal de teäters yn.

In foarstelling oer hurd wurkjen en geniete, oer lije en leafde, oer stoer en kwetsber, oer winne en ferlieze. Mar foaral ek ferhalen oer it skûtsje, fan wurkskip nei wenskip nei rekreaasjeskip.



Ferhalenferteller Age Veldboom nimt it publyk op entûsjaste wize mei yn de wrâld fan it skûtsje, dy't hy as gjin oar kint. It duo Ella & Herman spilet en sjongt de spesjaal foar dizze foarstelling skreaune lieten. De ferhalen, bylden en lieten soargje foar in ferbyldzjende reis troch 100 jier skûtsje histoarje.


Ella & Herman is in singer/songwritersduo út Fryslân. Ella de Jong sjongt en spilet piano, trompet en melodica. Herman Woltman spilet gitaar. We kinne him fan Souldada en de gearwurking mei û.o. Fay Lovsky en Izaline Calister. Tegearre wûnen Ella & Herman de singer/songwriterspriis fan Fryslân yn 2015. Age Veldboom is in kuierjende ensyklopedy as it oer it skûtsje giet en jout ferskate kearen kommentaar by Omrop Fryslân en Omroep Max tidens it skûtsjesilen.


StandortWerf IJlst
AdresseSneekerpad 4 IJlst
Datum12 oktober 2019
Uhrzeit20.00 - 23.00
snel online kaartjes verkopen ticketbureau

Schnell und ohne Account bestellen

iDeal voor elektronisch betalen met Nederlandse banken

Wählen Sie eine Zahlungsart

voordelige ticketservice met lage kosten

Keine versteckten Kosten

e-tickets per mail versturen

Tickets direkt per E-mail erhalten

veilig en betrouwbaar online kaartverkoop ticketing systeem

Offizielle Verkaufsstelle

Ticketkantoor ticketservice Nederlands BelgieTicketing service in EnglishTicketbüro Dienst auf Deutsch / German