ticketservice ticketkantoor logo

Tickets bestellen voor

De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter...

De uitgifte van tickets is beëindigd. U kunt online geen tickets meer bestellen.

De foarstelling is útferkocht. Op www.tsjerkwert.nl/iepenloftspul stiet in reservelist.

Tsjerkwert, gjin doarp mei in hiel ryk teatraal ferline. Hoewol ‘t der mear as ien kear toaniel opfierd waard. Der falt altyd genôch te belibjen. No stiet der in iepenloftspul op it program.

Unyk lokaasje-teater by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. De poldermole dy’t al jierren ynsetten wurdt yn de striid tsjin it wetter en sûnt 1882 pronket op buorskip Beabuorren.

De Tsjerkwerters diene it ûndersyk en makken in konsept. Teatermakker Romke Gabe Draaijer waard frege foar de tekst en bewurking. De rezjy is yn kundige hannen fan Hillie Altenburg.

It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan mûnders-pear Wyberen en Hyke Koopmans. Buorjonge Jouke Hylkema sei eartiids -De Beabuorster mole- it plak dêr’t alles him ôfspilet, wie in plak dêr’t de wetten fan ienfâld en ôfsûndering hearsken. Teminsten, sa fielde dat oan.

Wybrigje hâld in sprekbeurt. It giet oer: Molens! De hjoeddeistige bern hawwe der net safolle mei. Molens binne bo-o-o-ring. As dochs net? We sjogge Caspar de Robles dy’t de boeren foarhâld, it is dykje of hingje. It Wetterskip wat net sa heech opjout fan dizze poldermole. En...

Wat stiet ús te wachtsjen mei de feroarings fan it klimaat? Is de mole fan weardeleaze mearwearde, of hawwe we him yn de takomst bot nedich? Leare wy fan de skiednis, of tinke wy dat it ús net oerkomt?

Dik tweintich Tsjerkwerters, wêrûnder in oantal basisskoalle bern, hawwe in rol of binne figurant en dogge mei oan it spektakel. Dêrneist spilet de fanfare muzykferiening Eensgezindheid in rol yn de muzikale omlisting. Alle belutsen eigners rûnom de lokaasje binne entûsjast sa ek de eigner fan de mole Stifting De Fryske Mole. Dêrneist is der in soad stipe fanút fûnsen en bedriuwen.

Der binne twa foarstellings. Ien op sneontejûn 17 juny om 20.00 oere en sneins 18 juny om 15.00 oere in matinee foarstelling.

Foarôf stiet der in kopke kofje of tee foar jo klear!


LocatieDe Beabuorstermole te Tsjerkwert
AdresFolgje de ynstruksjes op it ticket
DatumSneon 17 of snein 18 juny 2023
TijdSneon om 20.00 oere en snein om 15.00 oere
 
OrganisatieIepenloftspul Tsjerkwert
www.tsjerkwert.nl/iepenloftspul
janohyke@gmail.com
snel online kaartjes verkopen ticketbureau

Snel en zonder account bestellen

iDeal voor elektronisch betalen met Nederlandse banken

Betaal via uw eigen bank

voordelige ticketservice met lage kosten

Geen verborgen kosten

e-tickets per mail versturen

Tickets direct beschikbaar

veilig en betrouwbaar online kaartverkoop ticketing systeem

Primaire ticketverkoop

Ticketkantoor ticketservice Nederlands BelgieTicketing service in EnglishTicketbüro Dienst auf Deutsch / German